De Ljouwerter Skotsploech, in folkloristyske dûns- en sjonggroep út de Fryske haadstêd, is yn 1948 oprjochte mei it doel bepaalde fasetten fan de Fryske folkloare yn stân te hâlden en it weardefolle út it ferline oan de minsken fan hjoed de dei oer te dragen troch dûns, muzyk, sang en toaniel. De klean dy't droegen wurde, stamje út de perioade 1850-1860.

De manlju drage in tige stimmich kostúm, dat bestiet út in swarte knibbelbroek, in swarte skoatjas mei brede kraach, in siden fest, in wyt boesgroentsje mei in wite halsdoek en in swarte hege hoed. Hjirby wurde blauwe hoazzen droegen en swarte skuon mei sulveren gaspen. Hja drage in sulveren horloazje oan in ketting mei de saneamde “signetten”.
De froulju drage in ryk en fleurich kostúm mei de kenmerken fan de krinoline-moade ntl. in jak mei in wide rok en ûnderrokken. Oer it jak drage de froulju in kanten tipdoek en oer de bopperok in kanten skelk, beide tige moai fersierd mei borduerwurk. 

 

Oan it jak hinget oan de rjochterkant de "chatelaine" of it "sydsulver", besteande út in sulveren skjirre, in nullekoker en in spjeldekessen, wylst oan de lofterkant de bûgeltas mei de sulveren bûgel droegen wurdt. Mar it meast karakteristike fan it frouljuskostúm is wol de holledracht mei it gouden earizer en de moaie floddermûtse.

              

Wylst ek de ferskate gouden en sulveren sieraden, sa as doekspjelde, halsketting, mûtsespjelden en earbellen tige opfalle. Ek de froulju drage swarte skuon mei sulveren gaspen.
It doel fan de Ljouwerter Skotsploech is om dizze kostúms sa ferantwurde mooglik oan it publyk sjen te litten. Hjirby hat de kostúmkommisje fan de feriening in wichtige taak, wêrby tankber gebrûk makke wurdt fan de advizen fan de kostúmkommisje Fryslân. It opmeitsjen fan de floddermûtsen en it bordueren fan de tipdoek en skelk wurdt troch de froulju fan de groep faaks yn oparbeidzjen sels dien.

It dûnsprogramma bestiet út in grut tal âlde Fryske dûnsen, sa as polka's, mazurka's en walsen en fansels de bekende Skotse Trije. Mar ek bringt sy in sjongprogramma fan âlde Fryske lieten en net te ferjitten it sjongspul "Fryske Trou". Yn dit folkloristysk sjongspul, dat yn 1919 skreaun is troch Y.C. Schuitmaker, wurde yn orizjinele klaaiïng, âlde Fryske ambachten en sporten útbylde. It hiele programma wurdt muzikaal begelaad troch in fioelist en/of  akkordeonistes. Mei al dizze ôfwikseljende aktiviteiten kin in folslein jûnsprogramma brocht wurde.

Troch de prachtige kostúms mei folkloristysk ferantwurde dûnsen, sang en muzyk wurdt de Ljouwerter Skotsploech faak frege foar in optreden yn binnen- en bûtenlân. Yn protte lannen fan Europa en der būten hat de groep optreden, wêrby de reizen nei Bari (Italië) yn 1950, nei Israël yn 1978, Sibiu (Roemenië) yn 1990, Tailân in 1991, Súd-Afrika yn 1997, Taiwan yn 2000 en Mixico yn 2002, bysûndere hichtepunten wiene. It is foar de leden in eare om wêr dan ek Fryslân te fertsjintwurdigjen en in stikje Fryske folkloare út te dragen.

Op 't stuit binne sa'n 30 leden aktyf. De kommende tiid sille mei it berikken fan de "pensjoenâldens" in tal leden ôfskie nimme. Dêrom binne wij drok dwaande wer wat nij bloed yn ús fermidden te krijen. Foaral wat jongere, leafst Frysk sprekkende minsken (pearkes), dy't harren leafde foar Fryslân útstriele wolle yn dûnsjen, sjongen, Fryske klaaiïng, ensf., kinne wy goed brûke. Fansels binne ek oare belangstellenden tige wolkom (as jo mar fleurich en fol faasje dûnsje wolle).