Jubileumliet Ljouwerter Skotsploech

Ljouwert, 9 novimber 2013

Dit jubileum fan fiifensechstich jier
jout oan śs skotsploech nocht en fertier
Al jierren dūnsje wy
sjonge der ek graach by
Dizze folkloare jout sa'n plezier

Earizer, tipdoek, floddermūts, būgeltas
sydsulver, doekspjeld, wat śs moai past
Froulju in fleurich jak,
manlju yn 't swarte pak
mei blauwe hoazzen, alles fan pas 

Walsen, mazurka's, polka's en folle mear
al dizze dūnsen hawwe wy leard
Dūnsje wy graach oeral
meastal yn Fryslān wol
mar ek om utens bringe wy sfear 

Dizze tradysje fan Fryske dūnserij
goed te behālden, dat wolle wy
't Heart by śs Fryske lān
't Hālde wy graach yn stān
Ja, dizze dūnsen hearre der by

Tekst: Grytsje Kingma

Te sjongen op: Simmermoarn