Lyts ferslach opkommens:
 

______________________________________________________________________________________

Districtsdag van district Noord op 14 april 2018.

Om't de Ljouwerter Skotsploech fan 't jier 70 jier bestien hat is de organisaasje fan de Disctrictsdei tawezen oan de Ljouwerters. Dat is fierd yn doarpshūs Nij Franjum yn Marssum. In spesjaal welkomstwurd troch de foarsitter foar Commissaris Arno Brok en de foarsitter fan de FFGN Rob Posthumus. De Commissaris liet witte dat hy in in ear fynt om de dei te iepenjen en spriek syn bewūndering śt foar de moaie kostśms. Neidat alle groepen ferslach dien hiene fan har aktiviteiten yn 2017 beneidrukte de hear Posthumus  it belang fan gearwurkjen mei de Federaasje. Nei it sluten fan de gearkomst koene de groepen it  Poptaslot, it Popta Gasthuis, de Sint-Pontianustsjerke en de Marsumer Mūne besjen. De jūns wie der in optreden fan in koar en dūnsjen.

 

 
 

____________________________________________________________________

April 2018 Avalon, Snits.
Yn april 2018 wiene wy 6 kear te gast op ien fan de boaten van Avalon Waterways śt Ingelān. De gasten oan board farre 8 dagen troch Nederlān. De dūns "Skotse Trije" jout altyd in soad hilariteit: de mannen knibbelje foar de froulju om de skoech fan har te meitsjen. Ek as de froulju sjen litte hoefolle rokken se oan ha is it altyd sukses. Nei ōfrin binne der spontane petearkes mei de gasten yn de hal en wurde der foto“s makke. It wiene moaie optredens.

______________________


Klik op afbeelding voor ++

 
  __________________


Klik op afbeelding voor ++

_____________________________________________________________

Op 7 febrewaris 2018 nei de Grutte Tsjerke yn Ljouwert. Dźr wie in PKN-gearkomst. It publyk wie o sa ynteresearre yn śs kostśms. It dūnsjen wie op in lyts ferhege poadium. Nei ōfrin binne der nije foto“s fan śs makke.

Op 21 jannewaris 2018 nei Erasmushiem yn Ljouwert. It wie al wer gesellich. Ek dźr in āld-lid van śs groep dy't sei dat it ferskaat fan śs kostśms in moaie oanfulling is.

Op 20 jannewaris 2018 nei Abbingahiem yn Ljouwert. Wy wiene mei 7 pearen en 2 muzikanten. De muzikanten wiene ynstee fan yn Frysk kostśm yn arbeidersklean: man yn blauw kiele, blauwe broek, pet en op klompen en frou yn lange swarte rok, rśtsje bloeske, swarte hoazzen en fiterskuon. Der wie in soad publyk mei inkelde āld-leden fan de Ljouwerter Skotsploech.

 
  _______________________________________________________________________________________

De Tynje, 24 Novimber 2017

Yn de Trekkershut.  Elk wie der moai op tiid, wy krigen daliks al kofje/thee en pipernuten. Om healwei trijen binne wy begūn mei śs programma. De dūnsen en klaaiingspraatsjes waarden wurdearre. Spitich dat der net mear minsken wienen. Ut it publyk kaam de fraach oft se meidwaan mochten mei de Veleta en dat gie sa goed dat wy de Aardige Jongen der achteroan plakt ha. De muorreskilderingen yn de Trekkershut binne hiel moai, se stelle maaityd-simmer-hjerst-winter foar. It wie in noflik optreden, it lźste fan it 2017. Takom jier wer fleurich fierder.

 
  _______________________________________________________________________________________

Burgum, 8 juli 2017
 

Optreden yn "Moai Fuort" ynternasjonaal dūnsfestival in Burgum, de nije opset. By Glinstrastate wie fanalles te belibjen: trommels, foodtrucks, bernedūns, merke ensaf. Wy ha trije kear optreden, it publyk fynt oer it generaal de trije ferskillende kostśms wakker moai. Oan de ein fan de middei wie der noch in lekker waarmmiel foar śs by it restaurant fan De Pleats. Wy ha sjen litten dat Nederlānske dūnsen ek moai binne.

 
 

_______________________________________________________________________________________

Ljouwert, 10 juni 2017,

Optreden foar de "Kostuumvereniging" yn de Harmonie te Ljouwert. De  “Bosch van der Kolk” priis waard śtrikt, en wy mochten optrede. Dy priis wurdt ien kear yn de trije jier śtrikt oan in persoan of groep dy't him yn it bysūnder ynset hat foar de folkloare.  Foar alle kostśmkenners te dūnsjen wie wol spannend, mar wy hiene fijne reaksjes op klean en dūnsen. It wie in waarme en slagge middei.

 
 

______________________


Klik op afbeelding voor ++

___________________________________________________________________

Snits, 9 septimber 2017,

Hjoed hiene wy in optreden yn Snits by de Turkse Mienskip. It būtenoptreden wie in sukses ūndanks de wetterplassen. Wy ha kofje en tee dronken, wetterpiip smookt, genoaten fan in djerwits dūnser en fan Turks iten en sjongen.

 

 
 

___________________________________________________________________

Pampuskade Snits, de Avalon

Op 4, 11 en 25 april en 2 en 16 maaie ha wy, krekt as foarige jierren, te dūnsjen west nei Snits op de Avalon, in grut cruiseskip dat ek Fryslān oandocht. Omdat de dūnsflier net botte grut is, wiene wy mei fjouwer dūnspearen, de beide muzikanten en ien fan śs leden dy't o sa goed yn it Ingelsk presinteare kin. De almeast āldere reizgers kamen oeral wei, ūnder oaren Amearika, Australiė, Nij Seelān, Kanada en ek Nederlanders dy't lang lyn emigreard wiene. Oerdeis giene se mei in bus troch Fryslān, nei it Planetarium yn Frjentsjer en it Fries Museum yn Ljouwert. Alle kearen as wy dźr optreden hiene se belangstelling foar śs klean en fermakken se har om de śtlis fan de dūnsen en it kostśm en alle kearen ha wy der fan genoaten.

______________________

 


Klik op afbeelding voor ++

 

_______________________



__________________________________________________________________

Ljouwert, 9 Maart yn de Hofwijk en Hurdegaryp, 10 maart yn Bennemastate

Beide middeis wiene wy mei 6 dūnspearen en 2 muzikanten. Us 3 ferskate kostśms śt 1820, 1860 en 1950 foelen by de presintaasje o sa yn de smaak by it publyk. It optreden yn Bennemastate wie yn it kader fan "NL doet", meiwurksters hiene in "NL doet" shirt oan. Yn de Hofwijk wie de flier heal parket heal flierbedekking, dat wie dūnsjen mei handicap, yn Bennemastate wie alles parketflier. Wy dūnsen foar en nei it skoft in heal oere. Beide middeis wiene noflik en mei in soad entūsjast publyk.

 

Klik op afbeelding voor ++

_  
 

_______________________________________________________________________________________________
Ljouwert, 19 jannewaris 2017.

Optreden yn Nieuwe Hoek te Ljouwert op 19 jannewaris 2017. Wy wiene mei 6 pearen. Dit wie it lźste optreden yn Nieuwe Hoek, dat slute sil oan de ein fan it jier, der binne al in soad bewenners ferhuze. Eins wie it ek in eare om it lźste optreden te fersoargjen, der wiene in soad gasten fan būten it hūs. Wy ha 2 kear 3 kertier dūnse mei śtlis fan de kostśms. De kostśms fūnen de gasten hiel bysūnder, der wie in dame yn de seal dy't fertelde dat sy 3 flodders breide hie: 980 stekken op de nuddels. It wie in noflike middei. Op nei in folgjend optreden.

_